Suvelsektor komt mei eigen plan om fosfaat te redusearjen

14 des 2016 - 14:10

De Nederlânske suvelsektor presintearre woansdei yn Den Haach in eigen plan om fosfaat te redusearjen. It plan komt der op del dat boeren dy't bot groeid binne nei it ferdwinen fan de superheffing de measte kij dy't se no mear ha wer ynleverje moatte. In pynlik beslút, mar wol needsaaklik om de saneamde 'derogaasje' te behâlden, seit Kees Romijn fan LTO.

Derogaasje betsjut tastimming om mear stront út te riden as de Europeeske noarm. Benammen yn Fryslân meitsje in soad boeren gebrûk fan derogaasje.

Neffens Romijn hat it fosfaatreduksjeplan mear draachflak as it fosfaatakkoart dat in wykmannich lyn troch LTO presintearre waard. Neffens it fosfaatreduksjeplan hoege boeren dy't de lêste jierren net groeid binne ek gjin fee yn te leverjen. Boppedat wurdt it nije fosfaatreduksjeplan ek stipe troch boere-organisaasje NMV en NZO, de organisearre suvelfabriken. It doel is om it fosfaatreduksjeplan ek algemien binend ferklearje te litten troch it Ministearje fan ekonomyske saken, sadat ek de net-oansletten boeren en fabriken ferplichte binne om hjir oan mei te dwaan.

Trefwurden: 
fosfaat suvelsektor dong boeren
(advertinsje)
(advertinsje)