Basisskoallen ha ferlet fan mear ynfallearkrêften

14 des 2016 - 13:56

Basisskoallen yn it noardeasten fan Fryslân hawwe grut ferlet fan ynfallearkrêften. De need is sa heech dat PCBO Dantumadiel in brief stjoerd hat nei alle âlden mei de oprop om har te melden as se in lesfoech hawwe. Troch de Wet Werk en Zekerheid meie ynfalkrêften mar seis kear ynfalle, dêrnei moatte se in fêst kontrakt krije. Faak krije se dat net en dat betsjut dat se in healjier net mear ynfalle meie.

Ek iepenbiere skoallen sitte bytiden mei de hannen yn it hier. Wylst dy net ûnder dy wet falle, ha se dochs ferlet fan mear ynfalkrêften.

Stichting Roobol hat op har webside in oprop dien. Alie Rienks, wurksum by Roobol en op twa basisskoallen, hat de oprop dield op de facebookside fan basisskoalle Dr. J. Botkesskoalle yn Damwâld. Dêr binne aardich wat reaksjes op kaam. Ynfaljuf Janny van der Wijde is al in skoft ynfaljuf. Se hopet dat der gau war feroaret oan de wet. "Ik sis wolris nee tsjin ien dei ynfalle, want ien dei is alwer ien kontrakt. Nei seis kontrakten moat ik der in healjier út. Dat wol ik net."

Trefwurden: 
basisskoalle juf ynfal
(Advertinsje)
(Advertinsje)