Cambuur wol skiednis skriuwe

14 des 2016 - 13:25

"Cambuur wol skiednis skriuwe". Dat seit trainer Sipke Hulshoff in dei foar de bekerwedstriid fan Cambuur tsjin Ajax. Tweintich jier ferlyn wûn Cambuur yn de beker mei 2-0 fan Ajax. De Amsterdammers wienen doe wrâldkampioen. Dat is in ikoanyske wedstriid yn de histoarje fan Cambuur, dy't noch altyd libbet. In werhelling soe moai wêze sa seit Hulshoff. Leonard Nienhuis stiet yn de goal by de Ljouwerters. Hy ferlear syn basisplak oan Harm Zeinstra, mar is neffens de technyske stêf skerp en traint hiel goed. Hy fertsjinnet dêrmei in basisplak.

Opstelling Cambuur: Nienhuis; Peersman, Blackson, Schilder, El Baad, Anderson; Monteiro, Bakker, Van de Streek; Barto, Hoefdraad.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)