Snitser stelt auto en bûtenboardmotoaren

© ANP
De plysje hat tiisdei in 27-jierrige autodief út Snits oanholden. De man ried yn in stellen auto. Yn de auto leine fiif bûtenboardmotoaren dy't nei alle gedachten ek stellen binne. De man kaam de plysje yn de Edo Jongmastrjitte tsjin en parkearde de stellen auto sa dat hy de plysjeauto blokkearde.
De man naaide út, mar koe efkes fierderop oanholden wurde. De auto wie yn de nacht fan snein op moandei op de Middenwei yn Snits stellen. De plysje ûndersiket wêr't de bûtenboardmotoaren stellen binne.