Kontrakten sikehûzen en soarchfersekerders noch net rûn

14 des 2016 - 13:18

Meiwurkers fan it sikehûs MCL yn Ljouwert dy't takom jier in ûngelok krije of siik wurde, kinne mooglik net behannele wurde yn it eigen sikehûs. Dat kin de konsekwinsje wêze as it sikehûs der net yn slagget om in kontrakt te sluten mei soarchfersekerder VGZ. In grut diel fan it eigen personiel is fersekere by IZZ en dat falt ûnder VGZ. Twa wiken foar it nije jier hat it MCL noch gjin oerienstimming mei fjouwer grutte fersekerders, mar by VGZ is dat it meast problematysk, seit Kees Donkervoort fan de MCL-direksje.

Ek de oare Fryske sikehûzen binne foar in part noch yn ûnderhanneling mei de soarchfersekerders. Foaral by it Antonius sikehûs yn Snits moatte ek nochal wat kontrakten sletten wurde. Bygelyks ASR en DSW binne noch net akkoart. Nij Smellinghe yn Drachten hat wol mei hast alle fersekerders in kontrakt. It sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean seit dat de kontrakten sa goed as yn de lêste faze sitte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)