Nije en ferhege brêge by Tsjummearum

14 des 2016 - 13:04

Hegesyl is de namme fan de nije brêge by Tsjummearum. De brêge is hielendal nij en in stik heger as foarhinne. Dat wie nedich omdat de grûn yn it gebiet tusken Frjentsjer en Harns fersakket troch de sâltwinning. De fernijing hat ek positive gefolgen foar de boatsjefarders oer de alvestêderûte en ek de reedriders kinne der aanst mei gemak ûnder troch.

De kommende jierren steane noch ferskate projekten op it program om it gebiet klear te meitsjen foar de klimaatferoaringen en de boaiemdelgong.

Fyts- en kuierpaad

No't de Hegesylsterbrêge fernijd en ferhege is, is it tiid om ek jild te sykjen foar in fyts- en kuierpaad by de Hegesylsterwei en de Kade lâns. Dat fynt doarpsbelang fan Tsjummearum. Neffens de doarpsbewenners is de besteande situaasje ûnfeilich. Net allinnich ûnbrekt in fyts- en kuierpaad, der is nachts ek te min ferljochting. It oerstekplak foar fytsers leit sels hielendal yn it tsjuster.

Yn Tsjummearum wurdt al lang besocht om hjir wat oan te dwaan. By de iepening fan de Hegesylsterbrêge hat doarpsbelang dêrom by de lokale en provinsjale bestjoerders opnij om omtinken frege foar it fyts en kuierpaad.

(advertinsje)