Fernielingen yn âlde gebou Tichelaar Makkum

De plysje siket tsjûgen fan fernielingen yn it eardere gebou fan Keninklike Tichelaar oan de Turfmerke yn Makkum. Jongeren hawwe ynbrutsen yn it leechsteande gebou en fernielingen oanrjochte. Dêrneist ha se brânstichte. De plysje makket him benammen om dat lêste soargen, om't it leechsteande gebou midden yn in wenwyk stiet. Yn it gebou wiene earder de winkel en wurkpleats fan de ierdewurkprodusint fêstige. It stiet no te keap.