Kollum: "Alvestêdetocht"

14 des 2016 - 08:57

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.

"Fansels sieten der twa lju mei Willempiehelm op by de ledegearkomste fan de alvestêdeferiening. Likegoed wie der net folle kommentaar op it boadskip fan it bestjoer dat we de kommende alvestêdetocht 25.000 lju op redens sjogge, mei in hesje oan en in helmke op. It formalisme fan de tsjintwurdige tiid yn optima forma. Miskien kin we ek al ynskriuwe mei in appke. Ja, ik wit wol dat dy hesjes binne om de swartriders tsjin te gean. En ja, ik wit wol dat je goed pineharsens ha kinne as je derop knoffelje, mar it wurdt my suver wat te nijmoadrich. En dat moat net, want it gewoane libben wurdt ek oars. Dus we moatte ús der mar by dellizze dat twitter en facebook op in nije alvestêdedei hielendal fêstsitte, om't al dy 25.000 yn elke stêd in selfie fan harsels rûnstjoere. En dy 2 miljoen besikers ek. Yn eardere tiden molk in boer syn kij, ried de alvestêdetocht en gie nei hûs om wer te melken, net ien hie ’t fernaam. No ja, it wie Abe de Vries, letter blykte ek noch dat er wûn hie. Mar dat bin foarbye tiden. It moat no profesjoneel.

Sterker, ik ha al tocht: "Soenen de wedstriidriders ek earkes yn ha meie?" Yn 1997 lei de twadde sterke groep yn Harns noch mar in pear minuten efter. Ooh, had it dat geweten sei Jan Eise Kromkamp letter tsjin my, efkes trochride en we wiene der bykaam, hienen we in oare wedstriid hân. Earkes lost dat op, mar ik ha der noch net fan heard. Snijfêste pakken? Fan efteren ôfslipe redens. Helms mei lampkes? Yn 97 wie Heideman de iennige op klapredens, mar wat dogge se no. Se ha fansels al lang spesjaal materiaal. As der bûteniis leit traine se al op alvestêdetrajekten, se witte no al wêr’t har minsken stean mei in stikje bôle foar ûnderweis. Ja, bôle? Of soe der yn in nije alvestêdetocht noch net op doping kontrolearre wurde?

Hjoed is it 14 desimber. Tweintich jier lyn kaam de wyn doe noch út it súdwesten, it wie 3,9 graden, it waaide hurd. We hienen noch gjin aan dat yn trije wike der in alvestêdetocht komme soe. It wie wol sa, 4 jannewaris '97. It alvestêdebestjoer is himsels goed bewust dat je yn dy tweintich jier yn in nije tiid kaam binne. Se ha dus hieltyd saken oanpast. It startplak hat op papier de fleanbasis west, dat is no alwer de Elfstedenhal wurden. Soldaten net brûkt. Bestjoersleden dy’t noch nea in tocht meimakke ha bin ek al fersliten. Sels potinsjele winners bin al fan de redens. En dan kin je wol mankelyk sjen nei de de man dy’t mei sa’n grien kaartebakje de ynskriuwing die en dan hiel sekuer neiseach as dy man wol lid wie of net, dy tiid is foarby .

En dochs is it produkt wat se leverje, in alvestêdetocht wol eat wêrfan je mankelyk wurde kinne. Der bin safolle ferhalen, elk dy’t him ea riden hat, hat syn eigen ferhaal. Evert Wilstra, hy wie sportferslachjouwer by ús, sei yn 1985 jonges ik bin der net, ik wol ride. En hy ried, wie by de earsten fan de toertocht. In jier dêrnei sei er jou my mar in telefoan mei, en hy ried efteroan. Wat er dy dei net belibbe hat en oer dy tocht oer de radio fertelde: machtich. En elke kear as ik wer mei ien fan dy âlde strûken praat, ferhaal. Mar de feriening bliuwt der net yn hingjen, se wolle miskien al jongeren jonger as 18 ride litte, ûnder it motto dat guon 15 jierrigen in fluggere 5 km ride as Jeen van den Berg ea dien hat.

It alvestêdebestjoer is bewust fan de nije tiid. Sa bewust, dat se falle oer dat ûnnoazele pealtsje dêr by de finish op de Bonke. Dêr soe in keunstwurk komme moatte, al stiet der al ien by de Elfstedenhal. Mar goed, set dêr ek wat del, stiet der wat by start en finish. Mar dat wol se dwaan yn de mande mei KH2018. Hâldt dat no sels yn hân. Betink dat as der yn 2018 in alvestêdedei is, dat dy mear foar Fryslân betsjut as alle oare 364 kulturelehaadstêddagen."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)