Ferkearsstreamen wurde yn kaart brocht

14 des 2016 - 06:22
Foto: Omrop Fryslân, Abe Visser

Yn Ljouwert wurdt nije wike it fracht- en bestelferkear yn kaart brocht. Doel derfan is om mei ferfierbedriuwen dy't in soad yn de spits yn Ljouwert ride te praten oer oft dat ek oars op te lossen is. Dat soe de berikberheid fan de stêd flink te goede komme.

Op in tal belangrike diken yn en om de stêd hinne komme nije wike filmkamera's te stean. Dêrmei wurde fracht- en bestelauto's registrearre, oan de hân fan de opskriften op de auto's. Bedriuwen dy't geregeld filme wurde, wurdt frege oft se meiwurkje wolle oan it ûndersyk.

Trefwurden: 
spits ferkear Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)