Urker fiskfeiling wol gearwurkje mei Harnzer haven

13 des 2016 - 22:48
De haven fan Harns - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De Urker fiskfeiling sil gearwurkje mei de haven fan Harns. Dat skriuwt Omroep Flevoland. De Urker fiskôfslach wol helpe om in nije, ynnovative 'zaagtandsteiger' oan te lizzen yn Harns. Sa'n steger soe it lossen fan fisk makliker meitsje moatte.

In protte Urker fiskersboaten lizze yn de haven fan Harns, dêrom wolle se graach gearwurkje. It giet yn totaal om trije miljoen euro, mar hoe't de kosten krekt ferdield wurde is noch net bekend. De subsydzje dy't by it Waadfûns oanfrege wie, is ôfkard. Dit wurdt earst noch oanfochten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)