SC Hearrenfean wint mei muoite fan IJsselmeervogels

13 des 2016 - 22:44

Sportklup Hearrenfean is tiisdeitejûn mei in soad muoite in ronde fierder kaam yn de striid om de KNVB-beker. Yn Spakenburg kamen de Feansters mei in behoarlike A-ploech op de proppen, mar de spilers fan IJsselmeervogels blieken taai te wêzen.

IJsselmeervogels, dat útkomt yn de tredde difyzje, sakke somtiden behoarlik werom wêrtroch Hearrenfean amper oan fuotbaljen takomme koe. Beide ploegen krigen kânsen, mar gjinien koe oant de 88ste minút in doelpunt meitsje. Uteinlik sette Reza Ghoochannejhad de einstân op 1-0 foar de Feansters.

De measte grutte kânsen wiene foar de thúsploech, wylst Hearrenfean nei ûngefear in kertier spyljen yn de twadde helte de grutste kâns krige. Mar de Fryske ploech bleau eins de folsleine wedstriid ploeterjen. Pas yn de 88ste minút koe Ghoochannejhad de befrijende goal meitsje fanút in korner fan Sam Larsson, dy't yn de twadde helte ynfoel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)