Trio krijt selstraffen foar ôfparsing fan tûzenen euro's

13 des 2016 - 22:25

In ynwenner fan De Gordyk is yn febrewaris dit jier twa wike lang ôfparse troch in Rotterdammer fan 22 jier, in 30-jierrige frou fan It Hearrenfean en in 26-jierrige ynwenner fan Deventer. De Gordykster waard bedrige, mishannele en ûnder druk set. Yn totaal hat er likernôch 9000 euro oan de trije dieders jûn.

De Rotterdammer krige woansdei yn Ljouwert oardel jier sel. Hy en de man út Deventer hawwe de Gordykster bedrige en mishannele. De selstraf foar de dieder út Deventer wie gelyk oan syn foararrest fan 222 dagen.

Eskortburo

De fertochte fan It Hearrenfean runde in eskortburo. Sy koe it slachtoffer troch har wurk. De frou krige ek in selstraf dy't gelyk wie oan har foararrest fan 201 dagen.

Foarskot

It slachtoffer socht help by de frou om't in kennis him 6000 euro skuldich wie. De frou skeakele dêrop de fertochte út Rotterdam yn om it jild te ynkassearjen. Foar't er oan de slach gie krige de Rotterdammer in foarskot. De trije bleaune lykwols by de Gordykster weromkommen om jild te freegjen.

Kasino

Doe't er net mear pinne koe, waard de man meinaam nei it kasino yn Ljouwert dêr't er foar hast 500 euro oan fysjes keapje moast. Dy moast er oan de man út Deventer jaan. De Rotterdammer hie sein dat er nochris 7000 euro woe. De oerdracht fan it jild soe in pear dagen letter by it Hajé Hotel op It Hearrenfean wêze. Safier kaam it lykwols net om't de Gordykster de plysje ynskeakele hie.

Trefwurden: 
selstraf ôfparsing
(advertinsje)
(advertinsje)