FIDEO: Op 'en paad mei thússoarchmeiwurker Ans Boersma

De soarch is dizze wike it tema yn ús utstjoeringen fan Fryslân Hjoed. Troch de fergrizing binne hieltyd mear minsken ôfhinklik fan ferskate foarmen fan soarch. Moandei seagen we yn Stiens by in wenfoarm foar minsken mei demintens. Tiisdei sjogge we by de thússoarch. Omdat it de ynset is om minsken sa lang as mooglik op harren sels wenje te litten is thússoarch fan grut belang. We binne mei ferpleechkundige Ans Boersma op rûte yn Ljouwert.