"Plomfeehâlder Abbegea nimt syn ferantwurdlikheid"

"It is tige yngripend foar syn libben en syn bedriuw, mar hy nimt syn ferantwurdlikheid foar de sektor", dat seit boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân oer de plomfeeboer yn Abbegea dêr't tiisdei fugelgryp útbrutsen is. Alle 60.000 lishinnen binne yntusken fergast.
De gemeente hat begelieding oanbean foar bygelyks it kontakt mei it ministearje of oare konsulinten. Apotheker ferwachtet net dat it pear dêr gebrûk fan meitsje sil. "Yn de agraryske wrâld is it sa, de minsken dy witte it paad sels en dy fine it paad ek wol", sa seit er.
Apotheker is net benaud foar meardere útbraken: "Kwa grutte lishinnebedriuwen hawwe wy hjir yn in straal fan 3 kilometer net in soad. Yn it suden fan de provinsje wol, mar we meitsje ús op dit stuit gjin soargen."