"Diel fan gemeenteried moat út befolking lotte wurde"

Tjeerd van der Zwan
In diel fan de gemeenteried soe tenei út boargers bestean moatte dy't dêrfoar útlotte wurde. Sa soe de belutsenheid by de polityk grutter wurde. Dat sei boargemaster Tjeerd van der Zwan fan It Hearrenfean tiisdei yn It Polytburo, it politike telefyzjeprogramma fan Omrop Fryslân.
Neffens Van der Zwan soe sa'n 15 prosint fan de ried út minsken bestean moatte dy't gjin lid fan in partij hoege te wêzen. Ek soe der gjin seleksje foarôf plakfine moatte. Van der Zwan toande him fierder foarstanner fan in keazen boargemaster.
Ek dat soe der foar soargje kinne dat de bining fan de boarger mei it lokaal bestjoer grutter is.