Bistebeskerming: "Hannel yn hûnen faak yllegaal"

© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Hast de helte fan alle hûnen yn Fryslân wurdt net op de goeie wize ferhannele. Dat betsjut dat net te achterheljen is wêr't de hûnen wei komme en hoe sûn se binne. In grut part fan dy hannel ferrint fia Marktplaats. Dat seit de lanlike ynspeksjetsjinst bistebeskerming.
Sy hâlde harren alle dagen ûnder oare dwaande mei it opspoaren fan yllegale hannel. Moandei waard yn Holwert in hanneler oppakt. Derby waarden 23 deade hûnen fûn yn in friezer, en nochris 27 slim fertutearze hûnen.
Neffens de ynspeksjetsjinst is it in ekstreem gefal, mar perfoarst gjin ynsidint. Troch de ekonomyske minne jierren is de yllegale hannel de ôfrûne jierren bot tanaam. Minsken dy't online op syk gean nei in goedkeape hûn, soene der sels better neigean moatte wêr't in hûn wei komt, sa seit de ynspeksjetsjinst. De bistebeskerming hat dêrfoar in spesjale tsjeklist opsteld.