Harns krijt WhatsAppboerd yn striid tsjin ynbraken

13 des 2016 - 18:20

Yn de Trebolbuert yn Harns is tiisdei in WhatsAppboerd tsjin ynbraken pleatst troch boargemaster Roel Sluiter. It boerd stiet op de hoeke fan de Easterstrjitte en de Frjentsjertertrekfeart. De ôfrûne tiid nimt it oantal ynbraken yn Harns en omjouwing wer ta.

Mei it boerd hopet de gemeente dat de ynwenners fan Harns groepen begjinne. WhatsAppgroepen en boargertafersjoch binne op oare plakken yn Fryslân in goed middel tsjin kriminaliteit.

Yn Sint-Nyk stean no sûnt in healjier WhatsAppbuorden oan it begjin en oan de ein fan it doarp. Goed 500 minsken binne dêr oansletten by sa'n groep. Siemen Zijlstra fan Veiliger Sint-Nyk tinkt dat der troch de groepen en buorden in soad minder ynbraken yn Sint-Nyk binne. Hy tinkt dêrom dat it in goede set is fan de gemeente Harns om WhatsAppbuorden op te hingjen. "Dat hiene se in jier lyn al dwaan moatten. Mar ek wichtich is dat der in soad minsken har oanslute by de groepen", sa seit Zijlstra.

Trefwurden: 
Harns buertprevinsje WhatsApp
(Advertinsje)
(Advertinsje)