"Oplibbing ekonomy moai, krisis noch net ûnder kontrôle"

13 des 2016 - 18:06

It binne moaie sifers dy't it sintraal planburo tiisdei presintearret, mar dat wol noch net sizze dat we de krisis hielendal te boppe binne. Dat seit Willem Bokkes, ekonoom oan de NHL yn Ljouwert. De oplibbing fan de ekonomy is foar in part te tankjen oan de Europeeske sintrale bank, seit er. Dy pompt alle moannen 60 miljard euro yn de ekonomy en dêr sille se ek wol wer ris mei ophâlde moatte. Hoe't dat útwurkje sil, is noch mar de fraach. Soks is noch net earder dien.

De sifers fan tiisdei binne wol in goed teken, mar it is noch te betiid om te sizzen dat alles ûnder kontrôle is, seit Bokkes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)