Subsydzje foar lytse festivals en popkonserten

13 des 2016 - 17:37
Nuria Graham út Spanje - Foto: Omrop Fryslân, Rob Dijkstra

Friesland Pop set in subsydzjeregeling op foar lytse festivals en popkonserten. Troch nije subsydzjeregels kinne de organisaasjes fan festivals en konserten noch mar dreech oan jild komme. Friesland Pop krijt help fan it Prins Bernhard Cultuurfûns Fryslân by de finansiering.

Lytse festivals kinne maksimaal fiifhûndert euro krije en organisaasjes fan konserten op syn meast trijehûndert euro. It jild is bedoeld as stipe wannear't de organisaasjes in tekoart oprinne.

Trefwurden: 
subsydzje Friesland Pop
(Advertinsje)
(Advertinsje)