Gemeente Opsterlân set yn op sinne-enerzjy

Sinnepanielen © Omrop Fryslân
De gemeente Opsterlân wol de kommende jierren wurk meitsje fan duorsume enerzjy út sinne-enerzjy. Opsterlân wol dan foaral ynsette op sinnepanielen by minsken thús op it dak, mar ek op it dak fan bedriuwen. Ek sjocht de gemeente de ûntwikkeling fan sinneparken wol sitten. Sa'n park moat wol passe bij de skaal fan in doarp. Meardere doarpen soene ek mei-inoar sa'n sinnepark ûntwikkelje kinne.
De gemeente wol enerzjyneutraal wurde en dêr passe sokke sinne-enerzjyprojekten goed yn, fynt it bestjoer fan Opsterlân.