Aventoer fan ljocht en lûd yn Ljouwerter binnenstêd

13 des 2016 - 16:31

Ljouwert is tongersdei, freed en sneon it toaniel fan it Lunafestival. Neffens de organisaasje is it in aventoer fan ljocht en lûd mei keunstners en ûntwerpers út binnen- en bûtenlân. Se litte op ûnferwachte lokaasjes yn de binnenstêd har wurk sjen. De foarstellingen binne jûns. It festival begjint tongersdei mei in ljochtprojeksje oer de Fryske skilder Alma-Tadema op de gevel fan it gerjochtshôf op it Saailân.

Trefwurden: 
Lunafestival Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)