Ynwenners De Lemmer meie meiprate oer opknapplannen

13 des 2016 - 15:54
Suderseestrjitte op De Lemmer - Foto: Google Streetview

Bewenners fan de Suderseestrjitte en omjouwing op De Lemmer kinne de kommende dagen meiprate oer de plannen foar de wyk. Se ha dêrfoar in útnûging krigen fan wenningkorporaasje Lyaemer Wonen en de gemeente De Fryske Marren.

De wykbewenners wurde belutsen by de plannen foar de takomst foar har eigen hûs en foar it opknappen fan de buert derom hinne. Se meie ek meiprate oer de mooglike nijbouplannen yn de wyk. De petearen begjinne woansdei en einigje sneon. Dan wurdt ek bekend makke wat de buertbewenners oandroegen ha.

(Advertinsje)
(Advertinsje)