Ferfiersferbod by plomfeebedriuw Abbegea fanwege fûgelgryp

13 des 2016 - 15:01
  • Ferslachjouwer Gerrit de Boer is by it troffen bedriuw

Fanwege de fûgelgryp op in plomfeebedriuw yn Abbegea is in ferfiersferbod ynsteld fan tsien kilometer om it troffen bedriuw hinne. It ferbod jildt foar it ferfier fan plomfee, aaien, plomfeedong en brûkt struisel. It troffen bedriuw oan de Moarrewei hat dik 60.000 lishinnen. Dy wurde tiisdei ôfmakke en woansdei wurde se opromme.

De eigener hie sels melding dien by NVWA. Ut ûndersyk fan de autoriteit die bliken dat it yndied om fûgelgryp gong. Der wurdt noch ûndersocht of it om it type H5N8 giet. 

Yn de direkte omjouwing fan it bedriuw binne gjin oare plomfeebedriuwen. De ôfrûne dagen binne rûnom yn Fryslân yn it wyld mear as tûzen fûgels fûn dy't deagien binne oan de fûgelgryp.

Trefwurden: 
Fûgelgryp Abbegea
(advertinsje)