Buorden en peallen út bermen helle foar de feilichheid

De provinsje is begûn mei it feiliger meitsjen fan de Fryske diken. Op meardere plakken steane peallen en mêsten mei ynformaasjebuorden te ticht op de dyk. Se steane yn de saneamde obstakelfrije sône. Dy sône moat frij bliuwe sadat bestjoerders de gelegenheid hawwe om út te wiken yn de berm.
De buorden wurde ferpleatst of der wurdt in frame om de buorden setten dat meibûcht by in botsing. Tagelyk wurde krúspunten feiliger makke, wurdt de markearring ferbettere en wurde bermen feiliger makke.
De provinsje stelde earder 30 miljoen euro beskikber.