Meiwurkers De Kûpe freegje stipe mei iepen brief

Swimbad De Kûpe in Bûtenpost © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Yn in iepen brief freegje de meiwurkers fan swimbad De Kûpe yn Bûtenpost om stipe út de mienskip. Minsken dy't de meiwurkers stypje yn harren striid tsjin it swimbadbestjoer kinne dat op de Facebookside fan Team De Kûpe kenber meitsje.
Neffens de meiwurkers driget de subsydzje foar it swimbad foar it kommende jier net rûn te kommen, no't de gemeente it plan fan it swimbadbestjoer ôfkard hat. De meiwurkers hawwe it fertrouwen yn it bestjoer opsein en wolle dat dat sa gau as mooglik opstapt.
It bestjoer is net fan doel op te stappen en hat trije nije leden beneamd.