Meiwurker tankstasjon net foar earste kear de pineut

13 des 2016 - 13:18
It tankstasjon oan de Boargemaster Falkenawei op It Hearrenfean - Foto: Srfotografie

De meiwurker fan it Texaco tankstasjon op It Hearrenfean dy't moandeitejûn oerfallen waard, wie op 2 april dit jier ek al slachtoffer fan in oerfal. Dat sizze de eigeners fan it tankstasjon. Twa maskere oerfallers bedrigen doe de meiwurker mei in foarwerp dat like op in fjoerwapen. Der waarden doe trije manlju oanhâlden.

Om healwei njoggenen moandeitejûn kaam in man mei in mes it tankstasjon op de Boargemaster Falkenawei binnen en easke jild. Hy naaide út mei in ûnbekend jildbedrach.

Ek yn 2006 en 2009 waard it tankstasjon al ris oerfallen. De eigeners beheare sûnt 2011 it tankstasjon. Se sizze 'bot oandien en skrokken te wêzen', mar fierder neat kwyt te wollen oer it foarfal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)