Kampanjebuorden op N354 by Tsienzerbuorren pleatst

13 des 2016 - 11:55
Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

De tydlike maatregels fan de provinsje om de N354 tusken Ljouwert en Snits feiliger te meitsjen binne klear. De lêste kampanjebuorden binne hjoed by Dearsum en Tsienzerbuorren pleatst. Earder binne yn de bochten reflektors oanbrocht en dûbele linen om it ynheljen tsjin te gean. Oer hânhavening fan de regels wurdt noch neitocht. Mar neffens deputearre Sietske Poepjes is it alderwichtichste dat minsken foarsichtiger ride.

Op de gefaarlike N354 binne allinnich dit jier al18 ûngelokken bard.

Yn 2018 wurdt de dyk echt oanpakt. Oant dy tiid moatte tydlike maatregels foar mear feiligens soargje.

(advertinsje)
(advertinsje)