Harkyt wurdt nei efterfolging yn stellen auto oanhâlden

13 des 2016 - 10:57
Oanhâlding - Foto: ANP

De plysje hat yn de nacht fan moandei op tiisdei in 25-jierrige autodief út De Harkema oanhâlden. De man hie op de Leidyk yn Oerterp in auto stellen en derby in soad fernield. De plysje wachte de man op lâns de Wâldwei. Der ûnstie in efterfolging wêrby't de snelheid oprûn oant 140 kilometer yn de oere. By de rotonde by de ôfslach Earnewâld fleach de man út de bocht. Hy besocht noch rinnendewei te ûntkommen, mar waard troch de plysjes ynhelle en oanhâlden.

Achteryn de stellen auto fûn de plysje in nei alle gedachten stellen Spartamet. De Harkyt hie boppedat gjin rydbewiis en siet mei drank op achter it stjoer. It is in bekende fan de plysje. Hy sit fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Harkyt autodief plysje
(advertinsje)
(advertinsje)