Auto yn brân, bewenners fan 't bêd

© AS Media
Bewenners fan de Anton Mauvestrjitte yn Ljouwert moasten yn de nacht fan moandei op tiisdei troch in brânende auto tydlik harren hûs út. De auto stie ticht op de wenningen en it fjoer drige oer te slaan. Nei't de brânwacht arrivearre, hiene se de brân gau ûnder kontrôle. De auto baarnde folslein út. De plysje ûndersiket hoe't de brân ûntstean koe en freget tsjûgen harren te melden.