Masinist krijt in klap omdat er reizger wekker makket

13 des 2016 - 09:58
Foto: ANP XTRA

De plysje yn Ljouwert hat tiisdeitemoarn betiid in 37-jierrige man oanhâlden om't er in masinist in klap jûn hie. De masinist soe de trein klearmeitsje foar it wurk en fûn de man dy't yn de trein lei te sliepen. Doe't de masinist him wekker makke, waard hy agressyf en joech in klap.

De plysje waard der byhelle. Dy moast flink wat geweld brûke om de man oan te hâlden. Hy fersette him bot.

Trefwurden: 
klap Ljouwert masinist
(Advertinsje)
(Advertinsje)