Maritime Akademy Harns docht it goed

13 des 2016 - 08:50
Life boat fan it nije trainingssintrum fan de Maritime Akademy - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De Maritime Akademy yn Harns skoart heech yn de mbo-keuzegids. It NOVA Kolleezje dêr't de akademy ûnder falt, einiget op it achtste plak. Yn totaal binne 43 ynstellingen beoardiele. Ut de gids docht ek bliken dat minsken mei in oplieding yn de wegebou, ynfrastruktuer en prosestechnyk goeie kânsen op in baan ha. Opliedingen yn toerisme, maatskiplik wurk en feiligens skoarre minder goed. Se binne wol populêr, mar der binne net in soad banen yn te finen.

Trefwurden: 
Maritime Akademy Harns
(Advertinsje)
(Advertinsje)