Kollum: "Standing Rock: Mordor vs Frije minsken"

13 des 2016 - 08:20

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"De earste yndiaan dy’t ik kennen learde wie Klukkluk, ien fan de haadpersonaazjes út de bernesearje Pipo de clown. Pipo neamde him de misschiet-indiaan, in gegeven dat Klukkluk sels alle kearen ûnderstreke troch ‘floepens, mis’ te roppen. Ik skuorde my alle kearen de bûsen út. ‘Mij zijn zeer van de bange’, noch sa’n klassike útdrukking. Mar behalve dat er grappich wie, fûn ik him as bern toch ek wol ynteressant mei syn pak, syn fear en syn pylk en bôge.

Letter waard myn begryp fan yndianen útwreide troch de boekepersonaazjes Witte Veder en Winnetou, en mei dêrtroch groeide myn ynteresse foar dat stammefolk. Sa learde ik dat myn byld fan yndianen basearre wie op de prairyfolken út de 19e iuw, mar dat de oarspronklike bewenners fan dat ûnhuer grutte wearelddiel, de First Nations, ek de Eskimo’s wiene, de Azteken, de Maya’s en de Inca’s. Sûnt folgje ik mei ekstra belangstelling alles dat út dy hoeke fan de weareld op my takomt.

En dus ek dat oer de oanlis fan de North Dakota Access Pipeline. In oaljepiiplieding dy’t in lytse 2000 kilometer lang wurde moat, troch fjouwer Amerikaanske steaten krúst en sa’n 470.000 fetten oalje per dei opsmite sil. Ien probleem: de foarnommen rûte rint oer grûn en lân fan de Dakota yndianen, de Sioux. Hillige grûn dêr’t de foarfaars begroeven lizze, mar dêr’t ek de wetterboarnen binne dêr’t se gebrûk fan meitsje. Dat soe allegear fernield wurde, om it mar net te hawwen oer de grutte miljeuramp dy’t folget yn it gefal fan lekkerij. Dat, de yndianen kamen yn opstân. Yn april sammelen mear as 300 stammen en meistanners harren by Standing Rock, om in front te foarmjen tsjin de machthawwers, tsjin Big Oil, dy’t de ierde en har bewenners opofferet foar jild.

In konfrontaasje tusken twa folslein polarisearre weareldopfettings: dy fan it duorsum en mei respekt omgean mei de natuer, versus dy fan it útputten, misbrûken en fernielen dêrfan. In hast klassike, symboalyske striid. Tink oan de Orks en trollen fan Mordor tsjin de Elven en Frije minsken fan Midden-ierde. Op foarhân in kânsleaze striid foar de Frije minsken, de yndianen. Mar nettsjinsteande yntimidaasje en brute sjarzjes bleaune se hoek hâlden, en krigen se sels stipe fan feteranen, dy’t harren oanbeane om in minsklik skyld te foarmjen om de rubber kûgels en de gewelddiedige plysjemacht op te fangen.

Kânsleas of net: de fergunning foar it lêste part fan de piiplieding waard foarige wike net ôfjûn. In ûnferwachtse oerwinning, en in bemoediging foar elkenien dat se echt yn opstân komme kinne tsjin grutte, machtige bedriuwen. Fansels, in slach is wûn, net de oarloch. Donald Trump wurdt presidint, en lit dy no krekt belangen yn de oaljepiiplieding hawwe. Mar de slach is binnen.

Sa’t Marilyn Black Elk, yndianen-aktiviste, seit: ‘De tiid fan fossile brânstof is foarby. It is oer. Se ha mear ravaazje, pine en katastrôfe feroarsake as watfoar enerzjyboarnen ek mar. It is no de tiid foar alternativen.’
Lit de striid fan Standing Rock, ek mei it each op de jildsucht fan de NAM, dy Mordorklup, ús ta foarbyld tsjinje."

(Advertinsje)
(Advertinsje)