Benzinestasjon op It Hearrenfean wer oerfallen

It tankstasjon oan de Boargemaster Falkenawei is faker oerfallen © AST Media
Der hat moandeitejûn in oerfal west op it tankstasjon fan Texaco oan de Boargemaster Falkenawei op It Hearrenfean. Om healwei njoggenen kaam in man mei in mes it tankstasjon yn en easke jild. Hy is mei in ûnbekend jildbedrach fuortgien.
De plysje wit net hokker kant de man útgien is en ek net oft er op de fyts of te gean wie. Der is wol in boargernetaksje opset, mar de man is noch net fûn. It tankstasjon is al in pear kear earder oerfallen.