Ljouwerter Bruinsma mei alternative krystmuzyk op KX radio

12 des 2016 - 20:22

Peter Bruinsma fan Ljouwert sil moandeitejûn op ynternetstjoerder KXRadio twa oeren lang alternative krystmuzyk draaie. KX yn Amsterdam is in inisjatyf fan DJ Rob Stenders. It is in saneamd no format-radiostasjon, wêrby’t de smaak fan de radiomakker bepalend is.

Bruinsma, dy’t earder by de Ljouwerter lokale omrop Mercurius wurke, sil it radioprogramma jûn tegearre mei âld-VPRO-meiwurker Jan Donkers presintearje.

Trefwurden: 
Peter Bruinsma KX radio
(Advertinsje)
(Advertinsje)