Frede werom yn Ternaard nei ekskuzen fan fernielers

De dieders en slachtoffers fan de fernielingen oan in kryststâl yn Ternaard hawwe de saak útpraat. De dieders sizze dat it harren spyt en hawwe betterskip tasein. Dat seit Bote Schoorstra, eigener fan de kryststâl, nei in petear mei fjouwer fan harren. Neffens Schoorstra giet it om in groep fan acht jonges dy't yn de nacht fan sneon op snein ûnder ynfloed fan alkohol de kryststâl fernielden en smoargens op de ruten smarden by de Spar en it hûs fan Schoorstra.De jonges melden harren nei in oprop op Facebook.
Yn in petear fan de jonges mei Schoorstra, de eigener fan de winkel en in lid fan de evangelisaasjekommisje fan de tsjerke, is besletten om gjin oanjefte te dwaan. De jonges hawwe harren ekskuzen oanbean en holpen om de skea te herstellen en dêrmei is de saak ôfdien hopet Schoorstra.