Grafyk-kolleksje Knecht-Drenth nei Fries Museum

12 des 2016 - 20:05
It Fries museum yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De provinsje skinkt de grafyk-kolleksje Knecht-Drenth per 1 jannewaris 2017 oan it Fries Museum. Dêrby heart in fûns mei in bedrach fan hast in heal miljoen euro foar it tentoanstellen, it behâld en de útwreiding fan de kolleksje.

Tweintich jier lyn hat it echtpear Tijmen en Helen Knecht-Drenth de grafyk-kolleksje fan 4052 grafyske wurken offisjeel skonken oan de provinsje Fryslân, op betingst dat de keunst yn it Fries Museum te sjen wêze soe. Ferfolgens joech de provinsje de kolleksje fia in notariële akte 'om niet' oan it Fries Museum.

Oan dizze skinking wie in bedrach keppele fan 1 miljoen gûne (453.780,20 euro), dat 20 jier op de bank fêstsetten is en no mei rinte útgroeid is ta in bedrach fan 490.731 euro. De konstruksje is nei 20 jier ferrûn en dêrom draacht de provinsje de kolleksje en it jild no offisjeel oer oan it museum. De famylje Knecht-Drenth en it museum binne deroer ynformearre.

Twangbuis

De skinking oan it Fries Museum soarge yn 1996 foar diskusje yn Fryslân. In artikel fan keunstkenner Huub Mous yn de Ljouwerter Krante fan 24 desimber hie de kop: 'Dwangbuis voor het Fries Museum'. It echtpear Knecht-Drenth hie as betingst steld dat de samling tentoansteld en útboud wurde soe. Mous neamt dizze kritearia in 'twangbuis'. Mous wiisde der op dat Fryslân en it Fries Museum net folle relaasje hawwe mei de keunstfoarm grafyk. Fierders waard der twifele oan de kwaliteit fan de samling. Trije oare musea yn Nederlân hiene de skinking earder ôfslein. Op dit stuit leit de grafyk-kolleksje Knecht-Drenth opslein yn it depot fan it Fries Museum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)