Wurkstraf foar mishanneling supermerkmeiwurkers

12 des 2016 - 20:00
Foto: Omrop Fryslân

In frou (40) út Ljouwert hat in wurkstraf krigen omdat se in personielslid en in befeiliger fan in supermerk mishannele hat. Ferline jier desimber wie se nei de winkel gien, omdat har dochter dêr in winkelferbod oertreden hie. It famke moast op de plysje wachtsje, mar de mem woe har meinimme.

Doe't se fuortgiene besocht it personiel se tsjin te hâlden. Der ûntstie spul, wêrby't de frou de minsken fan de supermerk klappen joech. Njonken de wurkstraf moat se 150 euro smartejild oan de befeiliger betelje.

De man hat lichaamlike en psychyske klachten hâlden nei de mishanneling. De man hat jierren yn de hoareka wurke, mar seit dat der noch nea sa'n soad geweld tsjin him brûkt wie as troch dizze frou.

(Advertinsje)
(Advertinsje)