Noed oer bermen fan dyk yn Nijlemmer

12 des 2016 - 19:38

Ynwenners fan Nijlemmer hawwe grutte noed oer de bermen fan de dyk dy't dwerstroch it doarp rint. Oer in lingte fan goed twa kilometer binne grutte stikken gers stikken riden. Op guon plakken is de situaasje sa slim dat der grutte gatten yn de drek riden binne.

Wannear't jo no mei de auto njonken de dyk komme, dan is it in grutte útdaging om der wer út te kommen. It doarp wol berm-ferstevigings, lykas beton, mar dêr soe net genôch jild foar wêze fanút de gemeente, sa tinke se yn it doarp.

De gemeente Weststellingwerf dy't ferantwurdlik is foar it ûnderhâld fan de dyk en de bermen, wol noch net by Omrop Fryslân reagearje, se wolle earst in reaksje jaan oan de minsken dy't it kolleezje en de gemeenteried in brief skreaun hawwe oer de problemen.

Trefwurden: 
dyk Nijlemmer drek bermen
(Advertinsje)
(Advertinsje)