Boateprodusint Aquatec selsstannich fierder

Boateprodusint Aquatec út Wâldsein giet selsstannich fierder as bouwer en ferkeaper fan sloepen. Aquatec is de produsint fan de bekende merken Antaris, Maril en Makma. It bedriuw foel oant foar koart ûnder Marée Invest BV, mar eigener Klaas Schiphof koe it mei help fan in pear partikuliere jildsjitters oernimme. It bedriuw wol de posysje as merklieder yn Nederlân fersterkje en de sichtberheid yn it bûtenlân grutter meitsje.