Ljouwerter winkellju wolle parkeargaraazje faker iepen ha

12 des 2016 - 17:52

De middenstânsferiening fan de Easterstrjitte yn Ljouwert hat in brânbrief skreaun oan de provinsje en de gemeente. De winkellju ergerje harren deroan dat de nije parkeargaraazje fan de provinsje net faker iepen is foar it publyk. 

De parkeargaraazje hat in útgong oan it begjin fan de Easterstrjitte en is allinnich iepen op tongersdeitejûn en op ien snein yn de moanne. Neffens Hielkje van der Molen en Ank Pluimgraaff, beiden eigener fan in kadowinkel, rinne de ûndernimmers sa in soad oanrin mis. 

It winkeljend publyk soe massaal útwike nei de parkeargaraazje op it Wilhelminaplein. Dêrtroch komme de klanten minder gau yn de Easterstrjitte. Guon ûndernimmers stiet it wetter yntusken oan de lippen. De winkellju wolle dat provinsje en gemeente sa gau mooglik sjogge nei rommere iepeningstiden en hoopje dat de situaasje de kommende wiken noch ferbettere wurde kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)