Ein jannewaris 2018 iepeningswykein Kulturele Haadstêd

De earste data kin foarsichtich ynfolle wurde yn de aginda fan Kulturele Haadstêd 2018, om te begjinnen 26, 27 en 28 jannewaris. Dat is it spetterjende iepeningswykein mei op freed in aktiviteit op ferskate plakken yn de provinsje en op sneon en snein yn it sintrum fan Ljouwert.
In oar hichtepunt spilet him ôf op 16,17 en 18 augustus 2018.  Dan komme de reuzen fan Royal de Luxe mei in spesjaal op Fryslân skreaun programma nei de provinsje. Der hat al twa kear in geheime misje nei Fryslân west om nei geskikte lokaasjes te sjen.
Njonken Ljouwert sil dat yn alle gefallen ek de Ofslútdyk wêze. Artistyk direkteur Lieven Bertels makke dat moandei bekend op it Rekreaasje Kongres. Rekreaasje-ûndernimmers kinne dan mei dy data rekken hâlde yn harren planning.