Transportbedriuw krijt boete fan 20.000 euro fan de rjochter

12 des 2016 - 16:05
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

In transportbedriuw op It Hearrenfean moat in boete fan goed 20.000 euro betelje omdat de frachtweinen ferskate kearen te swier beladen west hawwe. Ien kear gong it om in frachtwein dy't 30 ton tefolle lading hie, wylst er maksimaal 50 ton ferfiere mocht. Oer de boete komt noch ien fan 10.000 euro hinne, omdat it bedriuw yn in proeftiid siet, fanwege eardere oertredingen.

Boppedat is der de kâns dat de doar in moanne op 't slot giet as it bedriuw binnen de nije proeftiid wer yn de fout giet.

It bedriuw sei moandei by de ekonomyske plysjerjochter dat se de saken no better foarinoar hawwe. It personiel wurdt better oplaat en der is nij en better materiaal oanskaft.

(Advertinsje)
(Advertinsje)