UPDATE: Twahûndert deade fûgels fûn, totaalstân no op 1200

12 des 2016 - 19:28

Yn Fryslân binne moandei op 'e nij 200 deade fûgels fûn. Yn totaal binne der no 1200 deade fûgels fûn dêr't fan fêststeld is dat se de fûgelgryp hiene. De fûgels binne fûn yn ûnder oare Ferwerderadiel, Súdwest-Fryslân, Dongeradiel en op Skylge. Wetterskip Fryslân, Steatsboskbehear, Natuermonuminten en It Fryske Gea hawwe teams op 'en paad stjoerd. Sy sykje benammen lâns de Iselmar en de Waadsee. De oprop oan kuierders en jagers om net it fjild yn te gean, bliuwt foarearst stean.

It Fryske Gea hat de bûtendykse Peazumerlannen en it bûtendykse gebiet yn Noard-Fryslân ôfsletten.

Tiisdei wurdt yn it gebiet om de Fryske Marren en by Grou, Akkrum en Frjentsjer socht. De fûgelgryp makket yn Fryslân yn ferhâlding in soad slachtoffers. Yn de rest fan it lân giet it om tsientallen deade fûgels.

Der binne noch gjin tekens dat de fûgelgryp op syn retour is yn Fryslân, seit Oeds Bijlsma, direkteur fan it Wetterskip Fryslân. De ferdieling oer de provinsje ferskoot wol wat, mar fan ferbettering fan de situaasje is noch gjin sprake

Trefwurden: 
Fûgelgryp
(Advertinsje)
(Advertinsje)