Hast 900 ûndernimmers leare better sichtber te wêzen

12 des 2016 - 15:05

Ynternetbedriuw Google en kredytferstrekker Qredits helpe dizze dagen in lytse 900 Fryske ûndernimmers om better sichtber te wurden op ynternet en dêrbûten. By workshops yn stêdsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert kinne minsken leare hoe't se suksesfoller wurde kinne. Sa kin der folle mear ynformaasje helle wurde út de besikers fan de eigen webside.

"Als je weet dat alleen vrouwen naar je site komen, dan is het niet handig om reclame te maken in een bland voor mannen," sa seit Patrick van Gils fan Qredits.

Wa bin ik?

It bedriuw Qredits hâldt him dwaande mei mikrofinansiering fan ûndernimmers. Van Gils is ien fan de sprekkers. Hy hat it oer hoe't minsken yn sân stappen de nammebekendheid ferbetterje kinne. "Dan begin je als eerste met de vraag: Wie ben ik? Als je daar een goed antwoord op hebt dan kun je verder. Eigenlijk moet je in twee woorden de kern van je bedrijf aan kunnen geven. Veel ondernemers zijn zich niet bewust waar zij nou voor staan en als je dat niet weet, hoe kun je dan online en offline de wijde wereld in. Hoe kunnen anderen dan gebruikmaken van jouw diensten", seit Patrick van Gils fan Qredits. "Waar het echt vaak misgaat, is dat ondernemers losgaan: langdradig, onduidelijk en saai hun verhaal vertellen. Terwijl ze eigenlijk een goede, korte, krachtige elevatorpitch zouden moeten kunnen hebben. Zodat je altijd en overal, van verjaardag tot aan voetbalveld, kunt vertellen wie jij bent en wat je te bieden hebt."

Syktermen

De workshops binne ûnderdiel fan de Digitale Werkplaats. Dat is in initsjatyf fan Google om Nederlânske startende ûndernimmers foarút te helpen. "In Nederland kunnen we goed een bedrijf starten, maar doorgroeien blijft lastig. We lopen achter ten opzichte van andere landen. Daar willen wij als bedrijf bij helpen door kennis aan te bieden over bijvoorbeeld financiering en online marketing," seit Cindy Penders fan Google. Se hopet dat minsken wer ynspiraasje krije om online mear oan de slach te gean, de webside te optimalisearjen en ek hoe't de groei mooglik finansierd wurde kin. Penders: "Het is belangrijk dat je zelf de goede zoektermen leert gebruiken zodat je de mensen naar je site krijgt die specifiek jouw product willen. Deze dag moet helpen de ondernemers daar meer inzicht in te geven."

Fynber wêze is wichtich

Ien fan de ûndernimmers is Tine Bosch fan Ljouwert. Sy runt de webside www.giftsgoodies.nl. "It grutste part fan ús ynkomsten komme fan de webside. It is dus belangryk dat minsken ús fine kinne en dat se ús ynteressant fine en bliuwe en dan eintsjebeslút dochs keapje." Se hat al gau troch dat se webside op guon flakken ferbetterje moat. Tine Bosch: "It is online en dat betsjut ek dat je net stilstean kinne. It giet altyd troch."

(Advertinsje)
(Advertinsje)