Fryske restaurants behâlde Michelinstjer

Fryslân hâldt syn trije Michelinstjerren. Dat is moandei bekend makke yn Amsterdam. It giet om stjerren foar de restaurants Elévé yn Ljouwert, De Heeren van Harinxma yn Beetstersweach en Koriander yn Drachten. Dat lêste restaurant hat al sûnt 1999 in stjer, Elévé sûnt 2008 en De Heeren van Harinxma krige ferline jier wer ien. Dat wie neidat it restaurant de stjer in tal jierren lyn kwytrekke.
De Michelinstjerren wurde oan restaurants takend nei in beoardieling fan har keuken en betsjinning. Mei-elkoar hat Nederlân 106 restaurants mei ien, twa of soms trije stjerren. Fan dat lêste binne der mar twa yn Nederlân, 19 restaurants hawwe twa stjerren.