Fytser mishannelet automobilist op De Lemmer

12 des 2016 - 13:37
Foto: Omrop Fryslân

In 22-jierrige automobilist fan De Lemmer is sneintejûn mishannele troch in fytser. De bestjoerder spruts de fytser op de Vissersburen oan op syn slingerjend rydgedrach. Hy krige fuortendaliks mei de fûst in pear klappen yn it gesicht wylst tagelyk syn kiel tichtknypt waard. Boppedat rekke de Lemster in gouden ketting kwyt.

It slachtoffer is troch kunden nei it sikehûs brocht en hat letter oanjefte dien. De plysje siket tsjûgen fan de mishanneling.

Trefwurden: 
mishanneling De Lemmer
(Advertinsje)
(Advertinsje)