Yllegale puppyhannel oprôle yn Holwert

In 20-jierrige man út Drachten is moandeitemoarn oppakt fanwegen it yllegaal ferhanneljen fan hûnepups. Yn in loads oan de Grândyk yn Holwert waarden troch de plysje en de diere-ynspeksje sechstjin folwoeksen hûnen en njoggen pups libjend fûn. De hûnen komme nei alle gedachten út East-Europa. De eigener is oppakt en wurdt troch de plysje heard.
De hûnen binne yn beslach naam en mei in diere-ambulânse nei in feilige lokaasje brocht. Ek is der in persoane-auto troch de plysje yn beslach naam foar fierder ûndersyk.
Ynfal
De plysje kaam de fertochte op it spoar nei tips fan klanten dy't in hûn by de eigener kocht hiene. Dy hûnen ferstoaren binnen in pear dagen en dat fertrouden de klanten net. Dêrop hat de plysje moandeitemoarn sels in hûn kocht en dêrnei in ynfal dien yn de loads. De 25 hûnen yn de loads hiene de Parvo-sykte. Ek die bliken dat de loads net ferwaarme of ferljochte wie.
De 20-jierrige Drachtster wurdt fertocht fan ferwaarleazing en stikferfalsking. Hy wie al langer yn byld by de plysje yn ferbân mei de hannel yn hûnen.
It is noch net wis oft alle hûnen it helje sille. Guon hûnen binne der min oan ta.