Diel Drents-Friese Wold wurdt reservaat foar poddestuollen

12 des 2016 - 11:12

In stik fan it Drents-Friese Wold wurdt fan 1 jannewaris ôf in poddestuollereservaat. Dat betsjut dat der yn dat stik bosk hielendal net mear yngrepen wurdt, sadat de poddestuollen der goed groeie kinne. It inisjatyf foar it reservaat komt fan de Paddenstoelenwerkgroep Drenthe.

De wurkgroep hat de ôfrûne jierren alle fynsparbosken yn Drinte ûndersocht op de groei fan swammen. Ut it ûndersyk hat bliken dien dat dy bosken dêr poer geskikt foar binne. Der komme hiele bysûndere en seldsume soarten foar.

Eigener Staatsbosbeheer hat dêrom besletten in part fan it Drents-Friese Wold tenei gewurde te litten. Dat jildt ek foar noch twa oare stikken bosk yn Drinte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)