Skip sonken yn Ljouwert

In grut skip is moandeitemoarn sonken oan de Junokade yn Ljouwert. It giet om in 40 meter lange klipper mei in wenfunksje fan in partikulier. Neffens de brânwacht wenne der no gjinien op. De brânwacht hat noch besocht it wetter út it skip te pompen, mar dat slagge net mear. It leit no op de boaiem fan it kanaal. Om't der oalje en brânstof yn it wetter terjochte kaam, hat de brânwacht oaljeskermen pleatst. It skipfeartferkear is dêrom tydlik stillein.
It is noch net bekend wat de oarsaak fan it sinken fan it skip is.