Twa ferwûnen by ûngelokken yn Ljouwert

12 des 2016 - 08:40
By in oanriding op it Vrijheidsplein rekke in automobilist ferwûne - Foto: Robert Jan Boonstra

By twa ûngelokken yn Ljouwert binne sneintejûn twa minsken ferwûne rekke. By in oanriding op it Vrijheidsplein rekke in 25-jierrige automobilist út Ljouwert ferwûne. De man en syn passazjier koene sels út de auto komme. De bestjoerder is nei it sikehûs brocht, de oare persoan kaam mei de skrik frij.

Op it Noordvliet rekke in 26-jierrige fytser ferwûne, doe't er de dyk oerstuts en net seach dat der in auto oankaam. De bestjoerder koe in oanriding net foarkomme. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. De auto is fuortsleept.

Drank en drugs

De 25-jierrige Ljouwerter is nei syn sikehûsbesite oanhâlden. De man bekende dat er mei drank en drugs op achter it stjoer sitten hie. Hy kaam fan de Archipelwei en botste midden op de rotonde tsjin in beam. De man moast fanwege syn ferwûnings nei it sikehûs, mar woe yn earste ynstânsje net meiwurkje. Hy is dêrnei fêstbûn op de brankaar en nei it sikehûs brocht. Dêr is in bloedproef ôfnaam. Syn rydbewiis is yn beslach naam.

Trefwurden: 
ûngelok Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)